Mantgum pakt winst op NK Famkes yn Boalsert
Yn de earste omloop moast Mantgum it opnimme tsjin Peins. Hjir wie al gau dúdlik dat de konkúrinten wol degelijk rekkening mei Mantgum hâlde moast. Peins waard mei 5-0 6-0 oan de kant setten. Op de 2e list wie Deinum op papier in sterke tsjinstander. Mar op papier is wat oars as op it fjild. De ferhâldingen wienen dúdlik oan it ein fan de partij op de tillegraaf te sjen, Deinum 1 earst Mantgum 6 earsten. Nei in earste en twadde omloop wûn te hawwen begjinne jo te rekkenjen. Yn de achterholle hâldende dat de grutte favorieten stik foar stik troch it iis sakken. Stel, we winne ek de 3e omloop dan ha we dêrnei in steand nûmer en ha we sawiesa in finale plakje. Foardat it safier wie moasten de froulju fan Joke en Sjirk earst ôfrekkenje mei it partoer fan Seisbierum. Seisbierum dat ferrassend wûn hie fan it pertoer fan Dronryp yn de 2e omloop. Troch degelik keatsen yn it perk en troch sterk opslaan fan Ilse en Thalia waard ek Seisbierum ferslein mei 5-0 6-2. De útslach like it der op dat it in walk over wie tsjin Seisbierum mar Mantgum hat der wol foar keatse moatten yn it begjin. De earste 4 buordsjes waarden allegear op 6-6 ferkeatst. Dêrnei wie it ferset fan it twa-tal brutsen en koe Mantgum de partij maklik út keatse. In steand nûmer op de fjirde list levere it finale plakje op. Yn de finale moast der keatst wurde tsjin de winner fan Boalsert of Frentsjer. Yn dizze heale finale wist Boalsert yndruk te meitsjen troch mei 5-1 en 6-2 te winnen fan Frentsjer. Yn de finale wie it Boalsert dy’t it beste út de startblokken kaam. Sy pakten it earste buordsje. Dêrnei wie it Mantgum dy’t oan 2 kear ta knap by helle earst tot 1-1 en dêrnei tot 2-2. It fiifde buordsje wie foar Mantgum. It brekpunt fan de partij kaam yn it sechde buordsje. It wie 3-2 en 6 gelyk doe’t Elaine de bal oer alles hinne sloech. Efkes like it derop dat Boalsert de wedstriid kantelje koe. Mantgum kaam mei skjinne 6 foar yn it folgjende earst mar Boalsert wist úteinlik toch 4-3 te meitsjen. Dochs slagge it Mantgum op 4-3 en 6-4 te kommen. Feikje Bouwhuis brocht no de bal achteryn by Thalia. Thalia wist wol rie mei dizze bal en sloech de keats foarby. Dit betsjutte in 5-3 foarsprong. Yn it lêste buordsje rûn Mantgum maklik nei in skjinne 6 ta. Op 5-3 en skjinne 6 wist Ilse de keats te behâlden. Oer de hiele dei sjoen hat Mantgum 4 earsten tsjin hân. Wurdearing en respekt binne de wurden dy’t hjir op har plak binne foaral as je witte dat Elaine en Thalia net alle wykeinen mear fuort binne te keatsen. Ilse hat hjoed de hiele dei monsterachtich opslein, Elaine en Thalia ha oant en mei de finale degelik keatst en yn de finale koenen we sjen dat dit echte finale-keatsters binne. Op in internet side stie te lêzen dat Mantgum de help hie fan froue Fortuna. As jo oer de hiele dei 4 earsten tsjin krije en de finale winne fan it pertoer wat yn it oare blok de bêste is dan ha jo soks ôfdwongen en fertsjinne en hat soks yn myn eagen neat te krijen mei froue Fortuna.
Geplaatst op 01 July 2007